Provinsje ûndersiket ynfloed fan it Frysk op de ekonomy

Op it wurk
24 april 2019
Provinsje Fryslân wol de kommende tiid ûndersyk dwaan litte nei de ynfloed fan it Frysk op de ekonomy. Leannet it brûken fan it Frysk op de wurkflier?

It ûnderysk moat de mearwearde fan it brûken fan it Frysk yn it bedriuwslibben konkreet meitsje. Ut de útkomsten sil bliken dwaan yn hokker bedriuwstakken de Fryske taal leannet en yn hokker sektoaren dat minder of net it gefal is.

De Leeuwarder Courant berjochte hjir oer yn de krante fan woansdei 24 april. Lês it artikel hjir.