Rely Jorritsma, foto: FLMD

Rely Jorritsmapriis foar twa ferhalen en ien fers

Oer it Frysk
23 july 2020
De Rely Jorritsmapriisfraach hat dit jier trije winnende bydragen opsmiten, twa ferhalen en ien gedicht. Elmar Kuiper út Jorwert wint in Rely mei it ferhaal 'Ni Hao' en Sjoerd Bottema út Weidum mei syn ferhaal 'Total loss'. Syds Wiersma út Ljouwert kriget de priis foar syn gedicht 'It famke'.

Foar de 66e edysje fan de Rely Jorritsmapriisfraach wiene 88 ynstjoeringen ynkommen: 56 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery bestiet dit jier út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl. Sy krije de ynstjoerings sûnder nammen derby ûnder eagen om se te hifkjen.

De prizen wurde op sneon 3 oktober útrikt. Fanwege de coronabeheiningen sil dat wêze yn lytse rûnte. It prizejild komt út de neilittenskip fan Rely Jorritsma.