Rely Jorritsma, foto: FLMD

Skriuw in ferhaal of gedicht foar de Rely Jorritsmapriisfraach

Boeken fan Fryslan
14 april 2022
De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 68ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery, dit jier besteande út Rianne Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra, hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1.000,-. De ynstjoertermyn slút 15 maaie o.s.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) bepaalde yn syn testamint dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. De stifting Rely Jorritsmafûns hat de organisaasje opdroegen oan de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).

Ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan rely@stiftingflmd.frl. Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte apart yn de e-mail fermeld wurde en bliuwe geheim foar de sjuery.

Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.stiftingflmd.frl.