Sykje nei:

Fryske learlingen op útwikseling yn Baskelân foar WikiWomen-projekt

Ferline wike wienen acht learlingen fan de Havotop yn Burgum op útwikseling yn Baskelân yn it ramt fan it projekt WikiWomen. WikiWomen is in gearwurking fan Fryske, Ierske en Baskyske organisaasjes om lesmateriaal te ûntwikkeljen foar it fuortset ûnderwiis, wêryn’t learlingen digitale -, skriuw- en ûndersyksfeardichheden opdogge troch Wikipedy-artikels te skriuwen.

Nynke Duijff is de winner fan it Grut Frysk Diktee

It Grut Frysk Diktee 2024 is wûn troch Nynke Duijff fan Damwâld. Mei mar 2,5 flaters wie dat resultaat goed foar it Gouden Dakje. Ekstra bysûnder om’t by Nynke in oantal jierren lyn de spiersykte ALS fêststeld is. Dêrtroch is sy har spraakfermogen sa goed as kwytrekke en ûnderfynt sy hieltyd mear problemen mei bewegen. […]

Werprintinge Jentsje-boekjes: se bliuwe populêr!

Seis Jentsje-boekjes ferskine op ’e nij yn in werprintinge fan 1000 stiks de titel. Al sûnt 1981 jout de Afûk de populêre rige mei Jentsje-boekjes út. Ferskynden der yn 1981 earst trije titels (Jentsje syn bear, Jentsje syn koekje, Jentsje syn auto), de searje waard stadichoan útwreide nei tsien titels. Dêrfan ferskine de seis dy’t […]