Sykje nei:

Team ‘Swichum Aktyf’ wint lêste Praat mar Frysk Kroechkwis 2018 yn Wurdum

Ofrûne freed yn in grôtfol doarpshûs ‘De Golle’ yn Wurdum waard alwer de lêste Praat mar Frysk Kroechkwis fan dit jier holden. Sa’n 20 teams hienen har opjûn foar in jûn fol fragen oer Fryslân, it Frysk en Wurdum en omstreken. En úteinlik wûn team ‘Swichum Aktyf’! Lokwinske!

Desimberaksje: by besteging fan mear as € 20,00 yn ús webshop, ferstjoerskosten fergees!

De moaiste desimberkado’s fynst yn de Afûk boek- en kadowinkel of yn de Afûk webshop. Desimberaksje jildich oant en mei 31 desimber 2018.

Skriuwster Baukje Wytsma krijt keninklik lintsje

Skriuwster Baukje Wytsma (72) út Reduzum is tongersdei beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. By in byienkomst dy’t foar har organisearre wie yn har wenplak rikte kommissaris fan de Kening Arno Brok de fersiersels út. Wytsma krige de keninklike ûnderskieding foar har grutte fertsjinste foar de Fryske taal.