Sykje nei:

Oer de Afûk

Mear mei it Frysk – Afûk op nei de 100

Fryske kroechkwis

De Praat mar Frysk-kroechkwis is de leukste Fryske pubkwis fan Fryslân! In pear kear it jier strike de minsken fan de Praat mar Frysk-kampanje del yn de gesellichste kroegen fan Fryslân

Apps

Fryske spultsjes spylje op dyn telefoan of tablet? Dat kin fansels ek. Op heit&mem fynst in oersjoch fan it oanbod foar bern. In moai oersjoch fan taalhelp-apps en games fynst ek op www.taalhelp.frl.

Websites

Foar de jongste bern fynst op de website fan Tomke memory en puzels mar bygelyks ek kleurplaten, ferhaaltsjes, filmkes en ferskes. Foar wurdboek-apps, in Frysk toetseboerd foar dyn telefoan of tablet, in oersethelp en in oersjoch fan Fryske games en spultsje-apps kinst telâne op taalhelp.frl.

Fysyk

Foar Fryske kaartspultsjes, puzels en memory kinst terjochte by de Afûkwinkel of –websjop en by online winkels lykas Friese Producten en Fryske Kadoos.