Sykje nei:

Tomke foar professionals

Wurkesto mei pjutten? En wolst it Frysk ek in plakje jaan? Dan is de ‘Doch mear mei Tomke’-aktiviteitemap wat foar dy. De fergese aktiviteitemap slut oan op de Nederlânske metoaden en jout suggestjes foar aktiviteiten oan professionals, sadat sy op ienfâldige wize mei de bern mei it Frysk oan ’e slach kinne. Yn de ‘Tomketeek’ […]

Lês-mar-foar-wiken

Alle jierren yn septimber wurde de Lês-mar-foar-wiken organisearre. Mei de jierlikse kampanje wurdt omtinken frege foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 o/m 8 jier. Oeral yn Fryslân wurdt (ekstra) foarlêzen yn it Frysk: op de berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels thús!

Frysk yn it foarskoalsk ûnderwiis

Elkenien yn Fryslân hat op ien of oare wize te krijen mei meartaligens. In soad bern groeie op mei de Nederlânske en de Fryske taal, yn guon gefallen ek noch mei in streektaal of in bûtenlânske taal. Ut ûndersyk docht bliken dat mear as ien taal leare net allinne leuk is, mar ek in soad foardielen […]

Spoar 8

Spoar 8 is de lesmetoade foar de Fryske taal yn it basisûnderwiis. Yn in digitale learomjouwing leare bern op in tematyske wize Frysk ferstean, praten, lêzen en skriuwen. Altyd yn ‘funksjonele taalsituaasjes’, want taal kriget pas betsjutting op de mominten datst bygelyks wat útlizze silst of it paad freegje wolst.

Boekekisten

Krij foar in perioade fan fjirtjin dagen in boekekiste op skoalle mei de nijste Fryske berneboeken foar ûnder-, midden- en boppebou. Besjoch de boeken en skaf se oan as se de muoite wurdich binne. De boekekiste wurdt fergees brocht en wer ophelle troch de Afûk.

Frysk yn it basisûnderwiis

De Afûk ûntwikkelet ynspirearjend lesmateriaal yn en oer it Frysk foar it basisûnderwiis. Wy dogge dat yn yn oparbeidzjen mei ferskate partners en yn opdracht fan de Provinsje Fryslân binnen it Taalplan Frysk 2030. Alle ûnderwiismateriaal is op ien plak te finen én te bestellen fia de websjop fan Taalplan.