Njonken it foarlêzen foar pjutten, binne der aktiviteiten yn de bibleteken en leit dêr foar bern fan 4-8 jier in fergees Keimpeboekje klear. Ek kinst nije Tomke-aventoeren sjen op Omrop Fryslân.
De Lês-mar-foar-wiken wurde organisearre troch de Tomke-wurkgroep (Fers, Cedin, SFBO, Omrop Fryslân en Afûk) en ferfange mei yngong fan 2022 de Fryske Foarlêswike fan earder. Mear ynformaasje oer de lês-mar-foar-wiken is te finen op tomke.frl.