Spoar 8 is de lesmetoade foar de Fryske taal yn it basisûnderwiis. Yn in digitale learomjouwing leare bern op in tematyske wize Frysk ferstean, praten, lêzen en skriuwen. Altyd yn ‘funksjonele taalsituaasjes’, want taal kriget pas betsjutting op de mominten datst bygelyks wat útlizze silst of it paad freegje wolst.

Learkrêften fine yn de Temateek fan Spoar 8 hûnderten Fryske ferhaaltsjes, filmkes, ferskes en wurkblêden, dêr’t se maklik harren eigen Fryske lessen mei yninoar sette kinne. It ferskaat oan Taalaktiviteiten  lit bern fierder yn oanrekking komme mei de Fryske taal en helpt learkrêften om tematysk en doelfêst te wurkjen. Alle Taalaktiviteiten binne keppele oan it referinsjeramt Frysk (rrF).

Yn de Ynteraktive Sykplaten leart Keimpe de Krokodil de bern hieltyd 20 Fryske wurden. De bern sjogge Keimpe ek werom yn de Lêsline. Dêr jout de krokodil yn alle lessen ynstruksje oer de Fryske ‘letters’ dy’t leard wurde en de opdrachten dy’t dêrby hearre. Yn de kontekst fan wat de bern en de bisten út de Lêsline meimeitsje, oefenje de bern selsstannich it lêzen fan de Fryske taal op de kompjûter of tablet.

Neist it lesmateriaal foar de ûnderbou is der yn Spoar 8 ek fan alles te finen foar de boppebou. Foar bern út groep 5 o/m 8 binne der bygelyks koarte tematyske Lessesearjes, wêrby’t se − yn hieltyd fjouwer lessen − ferstean, praten, lêzen en skriuwen leare yn it Frysk. Lessesearjes wurde ôfsletten mei in grutte talige einopdracht: in Tram- of Treinopdracht. Dy opdrachten binne, krekt as de Taalaktiviteiten yn groep 1 o/m 4, keppele oan it referinsjeramt Frysk (rrF).

Fierder wurkje de bern yn de boppebou oan harren Fryske wurdskat, stavering en grammatika mei de edukative game Meunstertún[SdW8] . Altyd op harren eigen nivo, want Meunstertún is in adaptive game.