Sykje nei:

Searje 36

Searje 36 is dé digitale lesmetoade foar it fak Frysk yn it fuortset ûnderwiis. De Afûk hat it lespakket mei help fan Cedin én dosinten Frysk gearstald en trochûntwikkele. Yntusken binne der neist de rige lessen foar klasse 1 in protte projekten, selsstannige learmiddels en mear ûntwikkele foar alle klassen oant en mei de eksamenklasse […]

Frysk yn it fuortset ûnderwiis

Op de middelbere skoalle hat it fak Frysk de namme ‘Fryske taal en kultuer’. Op de measte skoallen is dat in fak yn de earste klasse, mar op hieltyd mear lokaasjes wurdt it fak ek yn hegere klassen jûn of sels as eksamenfak oanbean. De Afûk makket lesmaterialen foar alle klassen fan it fuortset ûnderwiis, […]

Frysk yn it mbû

Op it mbû wurkje studinten oan harren persoanlike en profesjonele ûntwikkeling. It grutste part fan de mbû studinten bliuwt nei de oplieding wurkjen en wenjen yn de provinsje. Ut de praktyk wei is de fraach nei wurknimmers dy’t de Fryske taal behearskje frij grut. Dêrom ûntwikkelje wy yn gearwurking mei de mbû-ynstellingen ROC Friese Poort, […]

Frysk yn it hbû en heger

Taal is wichtich foar de kwaliteit fan tsjinstferliening en it bedriuwsresultaat. Oanslute by de taal fan de klant is fan grut belang. Dêrom ûntwikkelet de Afûk yn gearwurking mei it lektoraat ‘Meertaligheid en Geletterdheid’ en de ferskate hegere beropsopliedingen programma’s en oanbod rjochte op de Fryske taal en kultuer. Fierder kinne studinten harren ek spesifyk bekwame […]

Yn groepsferbân

De Afûk fersoarget in grut ferskaat oan kursussen Frysk yn groepsferbân: op lokaasje én online. Foar net-Frysktaligen binne der de modules Fries verstaan basis en Fries verstaan vervolg, om it Frysk te ferstean en te lêzen, en Fries spreken basis en vervolg om it praten te learen. It ferfolch dêrop is de konversaasjekursus. In kursus […]

Selsstúdzje

Ast net yn de gelegenheid bist om in groepskursus te folgjen, is it ek mooglik om in selsstúdzje te dwaan. Kinst begjinne as it dy útkomt, en de lessen meitsje yn dyn eigen tempo.