Searje 36 is dé digitale lesmetoade foar it fak Frysk yn it fuortset ûnderwiis. De Afûk hat it lespakket mei help fan Cedin én dosinten Frysk gearstald en trochûntwikkele. Yntusken binne der neist de rige lessen foar klasse 1 in protte projekten, selsstannige learmiddels en mear ûntwikkele foar alle klassen oant en mei de eksamenklasse ta.

 

Mei ferskate lesfoarmen is it Searje 36 ek foar de hegere klassen ynrjochte. Doch! is in oanbod oan projekten, dêr’t de learlingen fan klasse 2 ôf by wurkje oan leardoelen op alle domeinen fan de taal dy’t yn it referinsjeramt Frysk (rrF) beskreaun steane. By Lear! fine se learmiddels om harren eigen taalfeardigens fierder te bringen. Tink oan de taalgame Twastriid, oer de Fryske stavering. Of eksamentrening, dêr’t Lêsfeardigens yn sintraal stiet. Foar de twadde faze is der Undersykje! wêrby’t de Fryske taal en kultuer ynsetten wurdt om oan ûndersyksfeardichheden te wurkjen.

Searje 36 is ûnderdiel fan ús Edufrysk-platfoarm en is te brûken op pc’s/laptops, tablets en smartphones. De foardielen fan in digitale metoade binne ûnder oaren:

  • – De opdrachten en toetsen wurde automatysk neisjoen;
  • – It EduFrysk-platfoarm biedt mooglikheden om audio, fideo en edukative games te yntegrearjen;
  • – Yn de digitale omjouwing kinne de materialen better aktueel hâlden wurde;
  • – Nij materiaal oanbiede kin altyd, lykas it digitalisearjen fan it sels ûntwikkele materiaal fan in dosint.

Mear ynformaasje of fuort bestelle? Nim dan kontakt mei ús op fia searje36@afuk.frl.