De Afûk fersoarget in grut ferskaat oan kursussen Frysk yn groepsferbân: op lokaasje én online. Foar net-Frysktaligen binne der de modules Fries verstaan basis en Fries verstaan vervolg, om it Frysk te ferstean en te lêzen, en Fries spreken basis en vervolg om it praten te learen. It ferfolch dêrop is de konversaasjekursus. In kursus Frysk skriuwen basis is foar dejinge dy't it Frysk wol prate en lêze kin, mar it ek graach skriuwe kinne wol. Ferdjipping is te finen yn de kursussen Frysk skriuwen ferfolch en Taal, kultuer en skiednis.

De kursussen yn groepsferbân sette ein septimber en ein jannewaris útein, en bestean meastentiids út 10 lessen fan elk 2 oeren. De lessen fine alle wiken plak, útsein yn de skoalfakânsjes. Meastentiids wurde de kursussen hâlden op de jûntiid, fan 19.30 oant 21.30 oere. Mear ynformaasje oer de kursussen fynst op www.kursus.afuk.frl.

Nij yn it kurusoanbod: de online groepskursus
Neist de tradisjonele groepskursussen op lokaasje, is it fan oktober 2020 ôf ek mooglik om in groepskursus online te folgjen. By dy kursusfoarm folgest thús, efter dyn kompjûter, live de lessen fan ien fan de lesjouwers fan de Afûk. De nije, online kursusfoarm is foarearst beskikber foar de kursussen Fries verstaan (basis en ferfolch) en Frysk skriuwen (basis en ferfolch). Dy foarm is net allinne ‘koroanaproof’, mar biedt ek mooglikheden foar kursisten om utens.