Sykje nei:

De Afûkside fan sneon 3 augustus 2024

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûk-side. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut.

Dit is de Afûk BoekeTIP10 fan augustus

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten! Ek foar de moanne augustus […]

Nij ferskynd by de Afûk: ‘Do bist de leafste’

De dichtbondel Jij bent de liefste, yn it Nederlânsk skreaun troch Hans en Monique Hagen, is no by Utjouwerij Afûk yn it Frysk ferskynd. Dizze tiidleaze bondel waard yn earste ynstânsje skreaun foar bern, mar it boek docht it goed by minsken fan alle leeftiden. Eppie Dam soarge foar de prachtige Fryske oersetting.

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

‘Simmer offline’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.