Sichtber Frysk foar stimulearjen taalgebrûk
De provinsje is as taalbringer ferantwurdlik foar it boargjen en befoarderjen fan de Fryske taal. Yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) hawwe it Ryk en de provinsje dêr ôfspraken oer makke. Mei it plan Fanselssprekkend Frysk wolle se dêr oan bydrage. De klam leit yn it plan op ferlieden ta it brûken fan it Frysk. De provinsje wol gemeenten, organisaasjes en ûndernimmers op in positive wize stimulearje.
Deputearre Sietske Poepjes: “It Frysk moat in fanselssprekkend plak krije yn it iepenbiere libben yn Fryslân. Us Fryske taal sichtber meitsje hat in krêftige útwurking wat it legitimearjen fan in taal oangiet, en sa ek op de taalhâlding fan minsken. As jo it Frysk oeral sjogge, dan sille jo it Frysk ek gauris brûke”.
It goede foarbyld
De provinsje wol sels it goede foarbyld jaan. It Frysk moat folslein en funksjoneel sichtber wurde yn sawol de ynterne as eksterne kommunikaasje. De provinsje sil de Fryske taal in mear foaroansteand plak jaan yn bygelyks it personielsbelied, digitale kommunikaasje en de eigen publike romte. De provinsje giet yn oerlis mei it Ryk oer de lanlike oerheidskampanjes. Ynset is dat de kampanjes dy’t Fryslân reitsje op syn minst twatalich binne. De Fryske ferzje moat dan ek tagelyk beskikber komme mei de Nederlânske ferzje.