Sichtberens sintraal op Streektaalkonferinsje 2023
Yn ’e konferinsje – dy’t ienris yn ’t jier, ôfwikseljend yn Nederlân en Flaanderen, holden wurdt – lit in kar oan sprekkers syn ljocht skine oer de sichtberens fan streek- en minderheidstalen en dialekten.
Wat binne de bêste foarbylden? Wat binne de falkûlen? Wat leart wittenskiplik ûndersyk ús oer nut en needsaak fan it fergrutsjen fan de sichtberens fan in lytse(re) taal? En wat bringt it tewei? Wittenskippers, ûndersikers, taalpromotors, bestjoerders, dichters en musisy: allegear sille se op harren eigen wize yngean op dit tema, dat mei rjocht aktueel neamd wurde mei.
Provinsje Fryslân sette de ôfrûne jierren stevich yn op it stimulearjen fan de sichtberens fan it Frysk en de streektalen. Ek de kar foar de gasthear, gemeente Waadhoeke, is net tafallich: in unike meartalige gemeente, mei njonken it Nederlânsk ek it Frysk, Biltsk en Frjentsjerters binnen de gemeentegrinzen.
De SND hat him ynspand om in tige fariearre, nijsgjirrich en learsum programma gear te stallen. Beropsmjittich of frijwillich dwaande mei streektaal, praktysk of akademysk, of as partikulier ynteressearre yn alles wat mei streektaal te krijen hat? Dan is dizze dei net te missen! Jou jo no op fia https://nederlandsedialecten.org