Sierk Meijer kriget in boekepakket út hannen fan Ida Heddema. Foto: Afûk.

Sierk Meijer wint moardferhalewedstriid fan Boeken fan Fryslân

Boeken fan Fryslan
11 july 2022
Sierk Meijer wint mei syn ferhaal ‘Muoike Joukje’ de moardferhalewedstriid fan Boeken fan Fryslân.

De winner mocht op de ferhalejûn ‘BoekMoardBoek’ op freed 8 july  yn kafee Het Grauwe Paard yn Marsum syn ferhaal foarlêze en krige út hannen fan Ida Heddema fan Boeken fan Fryslân in boekepakket oanbean. Publikaasje fan it winnende ferhaal folget ynkoarten.