Sigrid Kingma. Foto: Reyer Boxem

Sigrid Kingma is de nije Dichter fan Fryslân

Boeken fan Fryslan Oer it Frysk
12 novimber 2021
Sigrid Kingma (Drachten, 1989) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Sietske Poepjes beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Sigrid Kingma folget dêrmei Nyk de Vries op dy’t hjoed mei de presintaasje fan in nije dichtbondel ôfskied naam fan syn funksje as Dichter fan Fryslân.

Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma: “Ik bin út ‘e skroeven oer myn beneaming ta Dichter fan Fryslân! De rol fan Dichter fan Fryslân past by myn wurkwize as dichter. Ik sykje poadia op, ha in skerp each foar wat der spilet en stribje der hieltyd nei om út te stiigjen boppe it deistige. De kommende twa jier wol ik ek brûke om poëzij in breder berik te jaan troch keunstfoarmen te kombinearjen.”

As Dichter fan Fryslân treedt Sigrid Kingma yn de kommende twa jier op as poëtysk ambassadeur. Se skriuwt seis oant tsien gedichten jiers, ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. In advyskommisje, besteande út Annemarie Lindeboom, Cilla Geurtsen en Tsead Bruinja (foarsitter), hat de nije Dichter fan Fryslân foardroegen oan Deputearre Steaten.

Earste gedicht
‘Trui’ is it earste gedicht dat Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân skreau en ek foardroech by har beneaming. ‘Trui’ giet oer de hieltyd heger wurdende gasprizen en wie sneon ek fuortendaliks te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

De oersetting yn it Nederlânsk fan de dichter sels en de Ingelske oersetting troch Trevor Scarse binne ek werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân fia: www.dichterfanfryslan.nl.