Foto: Istock

Simmerlêze: boeketips foar de fakânsje

Boeken fan Fryslan Frije tiid
30 juny 2022
De simmermoannen july en augustus steane yn it teken fan lêzen! In hiel soad minsken wolle wol graach lêze, mar ja ... it komt der net fan. Nei wurk, gesin, sport, hobby's en fansels sosjale media, is de dei hieltyd alwer foarby en bliuwt it boek ticht. Gelokkich is der de simmer! Ít momint om te lêzen! En wy jouwe dy dêrby de bêste fakânsje-boeke-tips fan ús eigen kollega's. Watfoar boek nimme sy mei yn harren fakânsjekoffer en wêrom?

Hâld ús socials yn ‘e gaten. Fynst ús op Facebook en Instagram. Snein 2 july komt de earste tip fan Mirjam!