Foto: Afûk

Sipke sil sile / Sipke gaat zeilen: in nij twatalich Gouden Boekje

Boeken fan Fryslan Frije tiid
4 july 2019
Nei it sukses fan it Gouden Boekje Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn âlvestêdetocht giet Sipke wer op aventoer en sil hy te silen ...

Hjoed hawwe útjouwerij Rubinstein en útjouwerij Afûk in nij unyk twatalich Gouden Boekje presintearre: Sipke gaat zeilen / Sipke sil sile. It boekje is skreaun troch Lida Dykstra. De prachtige yllustraasje binne fan Harmen van Straaten. De presintaasje fûn plak by it Ir. D.F. Woudagemaal op ‘e Lemmer. It earste eksimplaar fan it boekje wurde troch Hilda Boesjes-Beljon, direkteur fan it Ir. D.F. Woudagemaal en bestjoerslid fan de SKS, útrikt oan skûtsjeskipper Albert Visser fan it Lemster skûtsje. Lida Dykstra en Harmen van Straaten liezen foar oan groep 5/6 fan de Dr. E.A. Borgerskoalle fan De Jouwer. Sipke gaat zeilen / Sipke sil sile leit fan hjoed ôf foar € 7,99 yn de boekhannel.

Pake Pipermûs giet moarns betiid fuort om te silen. Syn pakesizzer Sipke mei net mei. Dêrom bout Sipke tegearre mei Hotske Hazze sels in boatsje fan hout en in lekken fan ′e waskline. Mar de hurde wyn blaast har rjocht op it skûtsjesilen ôf!

Boekgegevens
Sipke gaat zeilen / Sipke sil sile
Auteur: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Harmen van Straaten
Utfiering: ynbûn
ISBN: 978 90 47626855
Ferkeappriis: € 7,99