Sjong dan

Boeken fan Fryslan Frije tiid
2 april 2020
Sjongeres Janneke Warringa en pianist Peter van der Zwaag kamen dizze krisistiid op it idee om in liet op te nimmen dêr't minsken wat oan hawwe. No't de wrâld op syn kop stiet, der gjin wissicheid mear is, in soad minsken bang binne en ûnwis, wolle sy troch dit liet besykje de minsken - dy, jim - in bytsje op te fleurjen en oan it sjongen te krijen, want ... muzyk ferbynt en dêr wurdst bliid fan.

‘Sjong dan’ is in bewurking fan it liet ‘Zing dan’, bekend fan Jenny Arean en Ivo de Wijs. De Fryske tekst is makke troch skriuwster/dichteres Baukje Wytsma. De orizjinele muzyk is fan Nino Rota.