SjONG junior fan Omrop Fryslân Tsjil wint Europeeske priis foar bêste regionale programma
SjONG junior is in twajierliks Frysk sjongfestival foar groep (6,) 7 en/of 8 fan basisskoallen. Mei de hiele klasse skriuwe bern út groep 6, 7 en 8 ûnder begelieding fan muzykprofesjonals in eigen skoalliet. It proses wurdt folge troch de kamera’s fan Omrop Fryslân Tsjil. Yn in útferkochte Lawei yn Drachten meie de skoallen optrede mei harren liet. It doel fan it programma is dat bern mei muzyk dwaande binne, leit Ritsma út. “Doe hawwe we neitocht oer in format: hoe fet soe it wêze as we in programma betinke kinne wêryn’t bern fan begjin oant ein sels in ferske meitsje?”
Skriuwe, dûnsje en promoasje
Ritsma gie der tegearre mei programmamakker Murk-Jaep van der Schaaf en producer Dirk-Lennart Hogeveen mei oan de slach. Sa ûntstie de hjoeddeiske opset foar SjONG junior. De bern skriuwe de teksten, nimme it ferske op yn in profesjonele studio en betinke sels in goreografy. Boppedat dogge se sels de promoasje foar it nûmer.
De bern fiele harren ferbûn mei it ferske. Net allinnich om’t se it sels skreaun hawwe, mar ek om’t se modern binne, se passe by de tiid fan no.
De ferskes komme ek op Spotify te stean en de winner wurdt ynterviewd troch Omrop Fryslân. Foar de bern is dat in geweldige ûnderfining. “Der binne bern dy’t sizze dat de finaledei de moaiste dei fan harren libben is. En de masters en juffen sizze dat de wiken fan dit projekt mear wurdich binne as in hiel jier muzykles”, seit Ritsma grutsk.
As muzikant, Ritsma is sjonger, ûnder oare bekend fan de band Vangrail, giet it programma him oan it hert. “It is hiel moai dat je de know-how dy’t je opboud hawwe, trochjaan kinne. Wy kinne de bern echt wat leare.” Dat it programma no ynternasjonaal wurdearre wurdt, docht Ritsma hiel goed. “Wy sette ús hjirfoar mei hert en siel yn. Ik bin hiel grutsk dat it him útbetellet.”
De folgjende edysje fan SjONG junior stiet yn 2024 op it programma. SjONG junior wurdt organisearre troch Cedin, Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân.