‘Skearing en Ynslach’ is de nijste ferhaleroman fan Bouke van der Hem
Mar ek fierderop sil it misrinne: as sociaal bewogen makelaar yn Nij-Seelân, wêrfan’t er úteinlik rillegau en sûnder frou weromkomt. Goed en wol wer thús op âlde grûn falt dat him no ek ôf. Fryslân is net langer wat it wie, syn bewûndere mem ferstoar, mar boppe-al ferkrommelje syn idealen, fan doarpslibben oant en mei sosjalisme.
Wat by dat alles grif meispilet, is de heabroei-brân by de Beetstra’s doe’t Reinder yn novimber 1956 noch in jong baaske wie. Mei de wittenskip fan no hat hy dêr in stress-syndroom fan oerholden.
“Dochter Sytske, de noed fan de Beetstra’s, socht yn har karke dwers troch de reek nei in útwei, ûnderwilens in heech jankend lûd meitsjend, as soarge se sels foar de sirene. Alle minsken wienen der no út en helpers fan it doarp koenen op it lêste stuit noch wat kij rêde − folk, fee en it karke op in klútsje byinoar yn de jister − foardat de earste spanten delkamen en de hiele bliksemse boel yninoar stoarte.”
Oer de auteur
Bouke van der Hem (Tersoal, 1946) wurke jierrenlang as jurist/mediator yn Grins, wennet no yn Castricum. Hy debutearre yn 2002 mei de roman ‘Sloppe Opels’ en fan him ferskynden dêrnei ‘It Poadiumbeest’, ‘Stille Tochten’, en yn 2010 ‘De Fuery’. Hy siet yn de redaksje fan kultureel tydskrift De Moanne en skreau dêrfoar benammen kollums.
Presintaasje:
Op freedtemiddei 22 septimber fan 15.30 oere ôf presintearret Bouke van der Hem syn ferhaleroman yn de Afûk-winkel yn Ljouwert (Boterhoek 3). Elkenien is fan herte wolkom. Nei in koarte yntroduksje troch útjouwer Ernst Bruinsma sil de skriuwer sels in taljochting jaan op syn wurk en in tal fragminten foarlêze.
Boekgegevens Skearing en Ynslach
Auteur: Bouke van der Hem
Utfiering: paperback
ISBN: 978 949 3318106
Tal siden: 199
Taal: Frysk
Ferkeappriis: € 18,50
websjop.afuk.frl