Foto: CCoE 2020 Galway

Skriuwer Anne Feddema yn Kulturele Haadstêd Galway: ‘Bealgje as in idioat’

Boeken fan Fryslan Frije tiid Minority languages Oer it Frysk
7 septimber 2020
Dûnsje, springe, sjonge en skriuwe, fan moarns betiid oant jûns let. Skriuwer, muzikant en skilder Anne Feddema fan Ljouwert moat oan ’e bak yn Ierlân, dêr’t hy mei oare keunstners wurket oan in multydissiplinêre foarstelling. ‘Ik haw oan ’e ein fan ’e dei de ein yn ’e bek.’ Dochs soe Feddema dit foar gjin goud misse wolle.

Anne Feddema docht mei oan ien fan de projekten fan kulturele haadstêd Galway, dêr’t de Afûk as partnerorganisaasje by belutsen is. Óró hjit it stik. It is Gaelysk, mar wat betsjut it eins? ‘It is in kreet, in soarte fan oanmoediging. It komt ek foar yn in ferneamd Iersk rebelleliet’, leit Feddema út.

Dûnsje
Feddema is ien fan de tsien dielnimmers oan it projekt. It binne keunstners út gebieten mei in minderheidstaal en elkenien wurket yn syn eigen taal. Der komt dus fan alles foarby, sa as it Baskysk, it Skotsk-Gaelysk, it Frysk en fansels it Iersk-Gaelysk. ‘Der sitte ek echt grutte nammen tusken, sa as Liam Ó Maonlaí’, fertelt Feddema. ‘Neffens Bono fan U2 is dat de grutste soulsjonger fan de wite wrâld.’ Fierder komme alle dissiplines oan bod, sa as muzyk, poëzij, byldzjende keunst en dûns. ‘We besykje in grut part fan de foarstelling sûnder taal te dwaan, sa byldzje wy ek saken út, meitsje we muzyk en dûnsje we.’

Feddema is bekend mei ferskate dissiplines, mar it dûnsjen stiet it fierst fan him ôf. ‘It is net sa dat ik yn myn atelier stean te dûnsjen.’ Dochs giet er der hielendal foar. It begûn mei digitale dûnslessen fia Zoom. ‘We diene it gewoan. Ik stie yn Fryslân te dûnsjen, de oar yn Dublin. Ik tocht doe wol: oei wat wurdt dit? Draait it allegearre om dûns?’ Hy fynt it wol pittich. ‘We meitsje lange dagen en bealgje as in idioat. Oan ’e ein fan ’e dei bin ik bliid dat ik op myn keamer bin. Ik haw dan seare poaten fan alle klappen fan it dûnsjen.’

Ierlân as ynspiraasje
Hy sit net yn Galway sels, mar in pear kilometer fan de stêd ôf yn it doarp An Cheathrú Rua, dat yn de county Connemara leit. Fanwege de swiere dagen is hy der noch net oan takommen om der in soad op út te gean yn de kulturele haadstêd fan Europa 2020: Galway. De stêd yn it westlike part fan Ierlân treft it net om kulturele haadstêd te wêzen yn dizze corona-krisis. ‘It is hielendal yn it wetter fallen, eins is alles no krekt nei de simmer stadichoan wer wat begûn.’ Wol mei Galway langer kulturele haadstêd bliuwe: oant healwei april 2021.

Dat betsjut net dat Feddema him hielendal opslút yn syn keamer as er net oan it oefenjen is. ‘Myn flecht om alles even fan my ôf te setten is it skilderjen. Ik nim altyd myn skildersark mei. Oant no ta haw ik al 32 wurken op papier makke.’ It binne foaral skilderijen fan de omjouwing. ‘Ast hjir omrinst, dan sjochst in soad stiennen of de see. Sa haw ik yn Galway in hooker − in sylboat − skildere. De sfear fan wêr’t ik bin, is altyd wer werom te finen yn myn wurk.’

Corona
In soad ekstra tiid is der ek net, want de groep wurket ta nei in rige foarstellingen wêrfan’t de premjêre op 21 septimber is. De foarstelling fynt plak yn in fabryksromte dêr’t per kear mar 33 minsken as publyk yn meie. Se binne bêst strang yn Ierlân as it om corona giet, sa fernimt Feddema. ‘Ik haw de earste wike yn isolaasje sitten en moast in coronatest dwaan, dy’t negatyf wie. Ek by de repetysjes wurdt der goed om tocht: alle dagen wurdt ús temperatuer metten, we hawwe in mûlkapke op en we moatte twa meter ôfstân hâlde. Der is sels in soarte fan skiedsrjochter oanwêzich om dat yn ’e gaten te hâlden.’

De foarstelling komt ta stân mei ynbring fan de dielnimmers en giet oer it belang fan ferskaat yn alle fasetten fan it libben. ‘It giet deroer dat alle minsken in eigen ferhaal te fertellen hawwe, sa as ek flechtlingen. En hoe is it foar harren om earne te komme dêr’tst de taal net behearskest? Ek it ferhaal fan Odysseus komt foarby. We breidzje dat allegear ta ien gehiel.’ Feddema fynt dizze ûnderfining in wiere ferriking, sels it dûnsjen. ‘Ik sjoch de skjintme fan it yn beweging wêzen en it dy bewust wêzen fan dyn lichem.’

Troch: Wendy Kennedy