Skriuwoprop: Wat wit ik fan dizze wrâld?

Frije tiid Oer it Frysk
10 oktober 2019
Under dizze titel wol de redaksje fan de Moanne oan it ein fan it jier in folslein literêr nûmer meitsje. Is dit de wrâld wêryn’t wy ús thús fiele? Meitsje wy ’m kapot of krekt noch wat moaier? Wat seit it eins oer ús dat wy fan de Stichting Ideële Reclame in kampanje oanbean krije mei as titel #Doeslief.

It wurdt tiid dat skriuwers yn Fryslân harren potlead de grûn yn stekke om te fernimmen wêr’t al dy trillingen dy’t ús demokratyske tradysje oan it wankeljen bringe, wei komme. Of dat se harren laptop iepenklappe en as in seiltsje omheech hâlde om mei te farren op de wyn fan de tiid.

Mei dizze oprop wol de redaksje stilstean by it feit dat it eksakt 50 jier lyn is dat it earste nûmer fan Trotwaer ferskynde. Dit blêd ûntstie yn de hjerst fan 1968 as foarlopich slútstik fan rûzige jieren yn de Fryske literêre wrâld. Jierren hienen de redaksjes fan benammen De Tsjerne en quatrabras en asyl foarinoar oer stien en yn jannewaris 1969 ferskynde in nij blêd mei yn de redaksje: Bauke de Jong, Steven de Jong, Leo Popma, Trinus Riemersma en Geart van der Zwaag.

Wat stie der op it spul? Durk van der Ploeg hat dat ris moai omskreaun: ‘Quatrebras eksperimenteel, De Tsjerne blomlêzend. De opposysje fielde yn de fêstige en befêstige literatuer fan De Tsjerne net de bining mei de werklikheid, mar de bining mei it ferline.’ It is de bining mei de werklikheid dy’t wy de jongste jierren sjogge yn it wurk fan Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga, Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, mar ek yn dat fan Elmar Kuiper of Arjan Hut. Wêr bliuwe de proazaskriuwers as it om dizze tematyk giet? En wêr sit de literêre fernijing op dit mêd?

De bining mei de werklikheid is hast ferbrutsen yn de Fryske literêre tradysje. Heech tiid om ús de fraach te stellen: Wat wit ik fan dizze wrâld?

Meidwaan? Elkenien kin in ferhaal, kollum, gedicht of audio- of filmfragmint ynstjoere nei de redaksje. Mail jo bydrage foar 16 novimber nei redaksje@demoanne.nl of nei ien fan de redakteuren. Foar elke publisearre bydrage is in honorarium beskikber.