Sneon 3 april 2021 yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
2 april 2021
Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Sneon 3 april binne we der wer!

Njonken ús winkel, websjop en de kursussen Frysk dy’t by in soad minsken wol bekend binne, dogge wy ek noch in hiele protte oare dingen. Sa binne wy bygelyks ek aktyf op it mêd fan taalpromoasje op de wurkflier en meitsje wy metoaden foar it Frysk yn it ûnderwiis. Mei de Afûkside yn de krante wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by de ein hawwe. Hasto gjin Ljouwerter Krante? Download dan hjir de side fan april.

Mear witte oer it wurk fan de Afûk? Sjoch dan ek ris op dizze webside by ‘Oer de Afûk‘ en/of abonnearje dy op ús moanlikse nijsbrief om op ‘e hichte te bliuwen.