Sneon 4 febrewaris yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad
Njonken ús winkel, websjop en de kursussen Frysk dy’t by in soad minsken wol bekend binne, dogge wy nammentlik ek noch in hiele protte oare dingen. Sa binne wy bygelyks aktyf op it mêd fan taalpromoasje op de wurkflier en meitsje wy metoaden foar it Frysk yn it ûnderwiis. Mei de Afûkside yn de deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by de ein hawwe. Hasto gjin Ljouwerter Krante of Frysk Deiblêd of hast de krante mist? Download dan hjir de side fan 4 febrewaris 2023.
Mear witte oer it wurk fan de Afûk? Sjoch dan ek ris op dizze webside by ‘Oer de Afûk‘ en/of abonnearje dy op ús moanlikse nijsbrief om op ‘e hichte te bliuwen.