Social Mozilla Voice challenge

Leare & ûnderwiis
15 jannewaris 2021
Mozilla Common Voice organisearret mei Campus Fryslân en Hogeschool van Amsterdam fan 15 oant en mei 22 jannewaris 2021 in Voice Challenge tusken it Nederlânsk en it Frysk. De taal dy’t yn ien wike de measte minuten ynsprutsen en falidearre wurdt, wint. Dochsto ek mei? Ynsprekke kin ienfâldich thús fia dyn telefoan, tablet of kompjûter. Lit dyn stim hearre foar it Frysk!

Mei it projekt Mozilla Common Voice wurkje wy oan in grutte database sprutsen Frysk. Dy database kin elkenien brûke om nije spraakprodukten yn it Frysk te meitsjen. Sa kinne wy aanst yn it Frysk tsjin stimassistinten lykas Siri as Google Assistent prate. Mear witte of meidwaan oan it ynsprekken? Sjoch op: Voice Challenge Nederlânsk – Frysk – NL-FRL Voice Challenge (conversational.amsterdam).