Staetlânsskoalle út Tsjom wint SjONG junior 2022
Profesjonele sjuery
De finale waard op freedtejûn holden yn de Lawei yn Drachten. Acht skoallen út hiel Fryslân hawwe optreden foar de profesjonele sjuery dy’t bestie út: Theo Brouwer (dirigint), Simone de Witte (sjongcoach) en Tjits van der Wal (Tjits Floch). De presintaasje fan de finale wie yn hannen fan Raynaud Ritsma.
De winnende skoalle gie, neist de earste priis, nei hûs mei de wikselbokaal: de ‘Karin de Jong-priis’. De twadde priis is wûn troch de Ds. Hasperskoalle út Akkrum út mei it nûmer ‘Frije Wrâld’. De tredde priis is wûn troch De Brêge út Skarsterbrêge mei it nûmer ‘Takomst’.
Ek oer dy optredens wie de sjuery entûsjast. “In komplete act, mei in prachtige poadiumopstelling. In pakkend nûmer, mei in moaie ôfwikseling tusken goede solisten en in koar”, sei de sjuery oer it nûmer fan de skoalle út Akkrum. De nûmer trije krige as kommentaar: “De Brêge hie in hiele act betocht, mar it stie it sjongen net yn it paad. Se krigen de hiele seal mei!”
Promopriis
Foar it earst dit jier wie er de kâns om in promopriis te winnen. De skoallen moasten hjirfoar harren eigen ferske sa goed mogelik promoate. In soad skoallen hawwe hjir bot har bêst op dien, mar it wie úteinlik De Pionier út Dokkum dy’t der mei de promopriis fan troch gie.
SjONG en SjONG junior
SjONG junior hjitte earder Sjongfestival en wie it sjongfestival foar Fryske basisskoallen. Dat is it noch hieltyd, mar it is útwreide mei in muzykles, profesjonele help fan muzikanten en programma’s. Foar dizze finale hawwe de skoallen sels in nûmer makke en skreaun. Dat proses is folge troch Omrop Fryslân Tsjil en te sjen op YouTube.
SjONG junior is in inisjatyf fan Afûk, Keunstwurk, Cedin en Omrop Fryslân. It wurdt útfierd ûnder de paraplu fan Taalplan Frysk en Méér Muziek in de Klas. Mear ynformaasje is te finen op www.sjong.frl.