Stap op de Rode Loper: it nasjonale taal- en lêsprojekt foar vmbo’ers
Sa wie skriuwster Caja Cazemier mei har programma-ûnderdiel te gast yn de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk yn Ljouwert. Ek singer/songwriter Bruno Rummler út Warns en dichter Tim Dykstra út Ljouwert fersoargen in diel fan it programma. Teaterselskip Tryater liet learlingen mei de Fryske taal boartsje en by de Ljouwerter Patrick Hassenpflug koene se in rap skriuwe.
De aktiviteiten stiene programmearre op yn totaal 11 kulturele toplokaasjes yn de stêd Ljouwert. Njonken de Afûk en Tryater wiene dat û.o. it Fries Museum, Kerakmiekmuseum Princessehof, DBieb, Slieker Film, Tresoar en De Harmonie.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.stapopderodeloper.nl.