Foto: provinsje Fryslân

Stimme op bêste plan foar de Fryske taal: dyn plan ynstjoere kin noch o/m 7 maaie!

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
26 april 2022
Mei hokker idee krijt de Fryske taal de bêste takomst? Dat beslute de ynwenners fan Fryslân sels troch harren stim út te bringen. Op stimfanfryslân.frl kinne hja kieze út de beskikbere ideeën. De ideeën binne no ris net ôfkomstich fan beliedmakkers, mar betocht troch ynwenners sels. De yntsjinners fan de trije ideeën mei de measte stimmen, krije jild om harren idee út te fieren. Stimme kin oant en mei 7 maaie.

De útfraach oer it Frysk makket diel út fan de earste proef oangeande it platfoarm Stim fan Fryslân. Dat twatalige platfoarm foar digitaal rieplachtsjen waard foarige moanne yn de steateseal lansearre. It platfoarm kaam ta stân nei’t yn 2019 yn de Fryske Provinsjale Steaten in moasje om in digitaal systeem foar rieplachtsjen te yntrodusearjen, breed stipe waard. Kommissaris fan de Kening: “It belûken fan ús ynwenners by wat de Fryske oerheden dogge giet foar ús dan fierder as in oprop yn ferkiezingstiid om te stimmen.”

Dizze proef duorret oant de simmer fan dit jier. Yn dy perioade kin it platfoarm ek ynset wurde om ynwenners te rieplachtsjen oer oare ûnderwerpen en tema’s. De ek oan de proef dielnimmende gemeenten Ljouwert, Noardeast-Fryslân, Dantumadiel en it Hearrenfean binne dwaande mei it (fierder) ûntwikkeljen fan platfoarms foar de eigen ynwenners.

Taljochting proses takomst fan it Frysk
Nei de lansearring op 9 maart koene ynwenners oant en mei 9 april ideeën online sette. Yn de no oanbrutsen stimfaze kinne Friezen maklik digitaal har stim útbringe op it idee dat harren foarkar hat. De yntsjinners fan de trije winnende ideeën kinne oant 15.000 euro ûntfange om harren idee noch fan ‘t jier út te fieren.

De ideeën dêr’t no op stimd wurde kin drage allegear by oan in mear sichtbere, in mear fanselssprekkend plak fan de Fryske taal yn it eigen fermidden: it Frysk as ien fan dé Europeeske talen. Deputearre Sietske Poepjes: “It is echt prachtich om te sjen dat der by dizze proef sa’n protte entûsjaste Friezen mei moaie ideeën kommen binne om it Frysk sels takomst te jaan. Uteinlik komt it der op del hoe’t minsken yn harren eigen fermidden wol of net mei harren eigen taal oan ’e gong gean wolle.”

De stimming is geheim. Nei 7 maaie wurdt bekend makke hokker trije ideeën de measte stimmen krigen en troch de yntsjinners werklik útfierd wurde kinne.

Stimme kin oant en mei sneon 7 maaie op Stimfanfryslan.frl.