Foto: Afûk

StUFT bestiet 50 jier

Frije tiid Oer it Frysk
24 maaie 2019
Moarn bestiet it StUFT - de Stifting Utjouwerij Frysk toaniel - 50 jier. It útfierende wurk foar de útjouwerij waard yn 1989 oerdien oan de Afûk en wurdt oan hjoed ta útfierd troch Afûkmeiwurkster Gerda van der Wijk. Alle reden om kollega Gerda fannemoarn te ferrassen mei in Sarah en in feestlik bosk blommen.

De StUFT stiet moarntejûn yn Kafee-restaurant Overwijk op ‘e Tynje mei in feestje stil by it fyftichjierrich bestean. Muzyk, in praatsje en in ien-akter: Londen 1994, spesjaal foar dizze gelegenheid skreaun troch Anja Steegstra. In moai artikel oer 50 jier StUFT lêst hjoed yn de Ljouwerter Krante. Sjoch ek http://stuft.nl/.