Syds Wiersma wint de Fryske SLAM!
Foar Syds Wiersma wie it de earste kear dat er meidie oan in poêzij slamwedstriid: “It wie moai om yn de finale te stean en mei Jens te slammen. Wy reagearren goed op inoar. It wie hast magysk.”
De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, organisearre tegearre mei Gabrielle Terpstra fan Pauperpoëzie dizze saneamde Fryske SLAM! In poêzij foardrachtswedstriid mei: Hindirk Hannema, Arjan Hut, Joël Huitema, Martsje de Jong, Elmar Kuiper, Marije de Lange, Ilse Vos, Jens de Vries, Syds Wiersma, Carla van der Zwaag. Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân 2019-2021, fersoarge yn it skoft in optreden.