Syktocht nei nije dichter fan Fryslân fan start
Ien kear yn de twa jier wurdt in nije dichter fan Fryslân keazen. Dy titel giet nei in Fryske dichter fan wa’t it wurk heech op kwaliteit, eigensinnigens en meartaligens skoart. Ek affiniteit mei keunst, orizjinaliteit en presintaasje telle mei. Eeltsje Hettinga wie de earste dy’t de titel fertsjinne, Nyk de Vries de twadde. De dichter fan Fryslân skriuwt alle jierren op syn minst seis Frysktalige gedichten en treedt yn alle gefallen twa kear yn ‘t jier op as Dichter fan Fryslân. Yn syn rol is hy ambassadeur fan de Fryske poëzy.
Cilla Geurtsen is dosinte Nederlânsk en resinsint foar de Ljouwerter Krante. Ek wie hja foarsitter fan de Gouden Gurbe sjuery. Annemary Lindeboom is sels dichter en oprjochter fan it wurdkeunstnersplatfoarm ‘Dichter by Leeuwarden’. Tsead Bruinja wie Dichter des Vaderlands yn 2019 en 2020 en skriuwt gedichten yn sawol it Frysk as it Nederlânsk.
Joast Halbertsmapriis
Ek foar de Joast Halbertsmapriis is in advyskommisje yn it libben roppen. Caspar van den Berch, Nelleke IJssennagger en Arjen Dijkstra sille in advys oan DS útbringe wa’t dit jier de Joast Halbertsmapriis winne moat. De winner dêrfan wurdt op 8 desimber 2021 bekend makke.
De Joast Halbertsmapriis wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt. Dizze priis beslacht it hiele wittenskiplike fjild fan Fryslân oangeande skiednis, taal, literatuerwittenskip en sosjale wittenskip. De provinsje wol mei dizze priis wurdearring foar de winner en syn of har wurk toane.
Professor doctor Caspar van den Berch is heechlearaar Global en Local Governance en direkteur fan de Graduate School fan Campus Fryslân. Doctor Nelleke IJssennagger – van der Pluijm FSA is direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy en wie dêrfoar ûnder oare konservator foar it Frysk Museum. Arjen Dijkstra is direkteur fan it Universiteitsmuseum yn Grins en adviseur fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Ryksuniversiteit. Hy is spesjalisearre yn de skiednis fan de wittenskip.
Bron: provinsje Fryslân