Foto: Hippe Kiek Fotografie by Sjoeke

It Taalkado: ek foar jim berntsje!

Berneboeke-ambassadeur Frije tiid Oer it Frysk
17 novimber 2022
Bern yn Fryslân skriuwe harren libbensferhaal yn in meartalige provinsje. Dat begjint by de berte. En mei in kado fol taal. In taalkado foar no en letter. Krigest it Taalkado by de oanjefte fan de berte fan dyn berntsje by ien fan de Fryske gemeenten. Hielendal fergees.

De ynwenners fan Fryslân hawwe yn it deistich libben op ien of oare wize te krijen mei meardere talen. Dat binne op it foarste plak it Frysk en it Nederlânsk, mar yn in soad gefallen ek noch in streektaal of in bûtenlânske taal. De provinsje Fryslân sjocht dat taalferskaat as rykdom en as in kâns foar de ûntwikkeling fan bern. Dêrom biedt de provinsje Fryslân âlders it Taalkado oan.

Wannear en hoe krigest it Taalkado?
Do krigest in Taalkado foar dyn berntsje asto oanjefte dochst fan de berte by ien fan de Fryske gemeenten (mei útsûndering fan gemeente Weststellingwerf en de waadeilannen). Yn de measte gefallen fynt berte-oanjefte plak oan de baalje fan it gemeentehûs yn de berte-gemeente fan it bern. De amtner fan de boargerlike stân sil dan nei de formaliteiten it Taalkado útrikke. Mar, der binne ek hieltyd mear gemeenten dêr’t digitaal berte-oanjefte dien wurde kin. Yn dat gefal kinst it Taalkado op in letter momint, as it dy útkomt, ophelje. Net ferjitte!

It Taalkado bestiet út in moaie kartonnen bewardoaze mei ynformaasje oer û.o. meartalich opfieden en taalûntwikkeling mar foaral ek leuke en praktyske artikels lykas in feestlik flaggelyntjse, in Tomke kartonboekje, in sêfte koesdoek, in set fleurige herinneringskaarten en noch folle mear.