TIIDMASINE siket (song)teksten

Boeken fan Fryslan Frije tiid
3 juny 2022
De organisaasje fan it nije Fryske lietprojekt TIIDMASINE, in muzykprojekt yn it ramt fan Arcadia, is op syk nei teksdichters en lietskriuwers dy 't in (song)tekst skriuwe kinne en wolle. Der binne mar leafst tweintich tema's dêr'tst in tekst oer skriuwe kinst. Ut de ynstjoeringen wurde teksten útkeazen dêr 't muzyk op skreaun wurdt en dy 't bedarje sille op it earste album fan TIIDMASINE. Dy sil útbrocht wurde op finyl en nei alle gedachten op CD. De 'Iepen Call' rint oant en mei 7 juny.

Der wurde tekstskriuwers socht dy’t in ferhaal fan in persoan út in bepaalde perioade út de skiednis fertelle kin. De fersen hoege gjin suver feitlik histoarysk ferslach te wêzen fan dy perioade, mar besykje wol in moai tiidsbyld te sketsen; hoe soe ien út dy tiid dat útlizze of fertelle?

Mear ynformaasje en oanmelde: www.tiidmasine.frl.