Tomke siket (in) skriuwer(s)!

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis
7 jannewaris 2021
Yn 2021 wurdt Tomke25 jier! Njonken feestlike (ekstra) aktiviteiten en it ferskinen fan nije materialen en boekjes, is dat ek in moaie oanlieding om in skriuwwedstriid te organisearjen. Foar de kommende jierren sykje wy ien of mear skriuwers om de skriuwgroep oan te foljen. Soesto ek ferhalen skriuwe wolle oer it libben fan Tomke? Doch dan mei oan de Tomke-skriuwwedstriid.

Om de diversiteit yn de Tomke-ferhalen te boargjen is der ferlet fan nije skriuwers. Alhoewol’t in Tomke-ferhaal oan bepaalde betingsten foldocht, is der genôch frijheid foar de skriuwers om der sels in ‘kleur’ oan te jaan. Elke skriuwer bringt in eigen styl, in eigen ynfalshoeke en in rêchsek fol kreativiteit mei, dêr’t de Tomke-wurkgroep graach gebrûk fan makket. Liket dy dat wat ta? Sjoch dan op tomke.frl of download de Tomke-Skriuwwedstriid oprop om te lêzen wat de betingsten binne en wêr’st rekken mei hâlde moatst.

Kinst dyn ferhaaltsje fóár 31 maart 2021 stjoere oan ynfo@tomke.frl, mei in motivaasje en fansels dyn kontaktgegevens. In fakkundige sjuery sil de ynstjoeringen besjen. De winners fan de skriuwwedstriid  wurde foar 15 maaie bekend makke en binne op 12 juny 2021 te gast op Tomke syn jierdeifeest!