Foto Boudewijn Boer Uit de serie 11 x 11 – Dwarsgezichten op de Friese Elfsteden

Tredde printinge fan Jip en Janneke yn it Frysk

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis
18 july 2019
Ein desimber 2016 ferskynde by útjouwerij Afûk Jip en Janneke foar it earst yn it Frysk yn in oplage fan 1.000 stiks. Al nei in wike waard besletten om in werprintinge te meitsjen fan 2.000 stiks. Dy twadde printinge is ûnderwilens ek al wer skjin op en dêrom is der no in tredde.

Utjouwer Ernst Bruinsma: ‘Wy hawwe sjoen de konstante belangstelling foar dit klassike berneboek op ′e nij in grutte oplage printsje litten. Dêrmei komme wy op 5.000 ferskynde eksimplaren fan de Fryske Jip en Janneke. Foar in Frysk boek is dat fansels in geweldich grut sukses.’

Yn de Fryske Jip en Janneke binne alle aventoeren fan diel 1 oant en mei 5 fan de ultime beukerfreontsjes byinoar brocht. Fan ‘Jip en Janneke boartsje tegearre’ oant ‘Dach Jip, dach Janneke!’. De yllustraasjes fan Fiep Westendorp binne yn swart-wyt én yn kleur.