Twa fakatueres by de Afûk!

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
17 febrewaris 2024
De Afûk hat de ambysje om de kommende jierren noch mear minsken te berikken mei ús kursusoanbod. Dêrom sykje wy twa nije kollega’s foar de kursusorganisaasje om it team te fersterkjen. It giet om in 'Kursusorganisator', de spil yn de organisaasje fan ús Fryske kursussen, en in 'Lesjouwer/materiaalûntwikkeler', dy't kursussen jout oan de purtikuliere en saaklike merk en boppedat nij kursusmateriaal ûntwikkelet.

De Afûk is in aktive, ûndernimmende organisaasje, dy’t as doel hat om de Fryske taal yn alle geledingen fan ús Fryske mienskip in folweardich plak te jaan. Wy hawwe in Fryske boek- en kadowinkel en in útjouwerij, wy jouwe kursussen en workshops en wy ûntwikkelje ûnderwiismetoaden. Dêrneist wurkje wy oan in hiel soad wikseljende projekten en kampanjes. Der wurkje sa’n 35 minsken by de Afûk. Wy hawwe de ambysje om de kommende jierren noch mear minsken te berikken mei ús kursusoanbod. Dêrom sykje wy twa nije kollega’s foar de kursusorganisaasje om it team te fersterkjen.

Wy sykje in kursusorganisator en in lesjouwer & materiaalûntwikkeler.

As kursusorganisator bisto, tegearre mei in direkte kollega, de spil yn de organisaasje fan ús kursussen. Do planst en organisearrest de kursussen, soargest dat it oanbod oan kursussen presintearre wurdt oan de bûtenwrâld, do joust ynformaasje oer de kursussen oan partikulieren, bedriuwen en ynstellingen en hast goed kontakt mei de lesjouwers. Fierder tinksto mei oer it kursusoanbod en sikest aktyf nei nije kursisten en kursusgroepen.
Klik hjir foar de PDF mei de folsleine fakatuere foar kursusorganisator.

As lesjouwer & materiaalûntwikkeler jousto allerhanne kursussen oan net-Frysktalige en Frysktalige kursisten op ferskate plakken yn de provinsje of online. Dat binne kursussen foar sawol de partikuliere as de saaklike merk. Mei dyn kollega’s fan de kursusorganisaasje sikest aktyf nei nije kursisten en kursusgroepen by bedriuwen en ynstellingen. Neist it lesjaan hâldsto dy dwaande mei de ûntwikkeling fan kursusmateriaal en ynnovative lesmetoades.
Klik hjir foar de PDF mei de folsleine fakatuere foar lesjouwer.

Wolsto mei ús minsken entûsjast meitsje foar it Frysk? Dan hearre wy graach fan dy!
Reagearje kin oant 3 maart 2024.