Twa Fryske foardrachten foar de IBBY Honour List 2022
Yn de kategory ‘tekst’ is auteur Baukje Wytsma foardroegen foar de Honour List 2022 fan IBBY foar har boek Silke & Miss Dee. Bysûnder oan Silke & Miss Dee is dat der trije talen brûkt wurde: Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. It boek befettet prachtige, artistike yllustraasjes fan Carla van der Heijde dy’t goed oanslute by de tekst. Oare titels dy’t earder by útjouwerij Afûk foardroegen waarden binne Fjouwer dappere mûskes fan Eppie Dam (2014), In nije heit fan Thys Wadman (2016) en Tije fan Mirjam van Houten (2018).
Oersetster Rymke Zijlstra is yn de kategory ‘vertalingen’ foardroegen foar de Honour List 2022 foar har oersetting fan Astrid Lindgren’s klassike, Sweedske berneboek De bruorren Liuwehert. De oersetting, mei prachtige yllustraasjes fan Kim Hunnersen, is yn 2019 ferskynd by Utjouwerij Regaad. It is de tredde kear op rige dat in oersetting fan Utjouwerij Regaad foar de IBBY Honour List foardroegen wurdt, nei De GFR (troch Martsje de Jong) yn 2018 en Teltsjes fan Tellegen (troch Anne Tjerk Popkema) yn 2020.
De IBBY hat as doel om bern wrâldwiid tagong te jaan ta boeken fan hege kwalitet en set him yn om brêgen te bouwen tusken minsken en kultueren mei help fan jeudliteratuer. Mear ynformaasje is te finen fia ibby-nederland.nl.
Boekgegevens
Titel: Silke & Miss Dee
Auteur: Baukje Wytsma
Yllustrator: Carla van der Heijde
ISBN: 978 94 93159 23 5
Tal siden: 104
Priis: € 14,95
Titel: De bruorren Liuwehert
Auteur: Astrid Lindgren
Oersetter: Rymke Zijlstra
Yllustrator: Kim Hunnersen
ISBN: 978 90 821970 9 9
Tal siden: 200
Priis: € 17,50