Foto: Istock

Twadde subsydzjemooglikheid Proeftuin Meertaligheid

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
2 april 2020
De 'Culturele Regeling Proeftuin Meertaligheid' makket it mooglik subsydzje oan te freegjen foar provinsje-oerstiigjende produksjes wêryn't (streektaal)meartaligens in rol spilet. De deadline foar de earste tender wie 1 maart 2020. Dy foar de twadde en lêste mooglikheid om subsydzje oan te freegjen is 1 juny 2020.

Yn febrewaris wie der yn Grins in earste, suksesfolle netwurkbyienkomst dy’t in tal moaie oanfragen opsmiten hat. De kertiermakkers wiene fan doel om yn de oanrin nei de 2e deadline op ‘e nij sa’n netwurkbyienkomst te organisearjen. Korona smiet lykwols roet yn it iten.

Om dochs de fragen fan ynteressearre kultuermakkers te beantwurdzjen en om ideeën en kontakten út te wikseljen is der troch de organisaasje in webroom iepene: www.whereby/welkomindeproeftuin. Op freed 17 april tusken 9.00 en 17.00 oere kinne dêr op ôfspraak alle fragen oer de regeling en oer (mooglike) projektplannen stelt wurde. Kultuermakkers wurde fan herte útnûge om foar tongersdei 16 april in ôfspraak te plannen.

Bist ynteresearre, wolst mear witte en/of in ôfspraak meitsje? Sjoch op www.wethenorth.org.