Lansearrring Twastriid, foto: Afûk

Twastriid, in nije game foar it fak Frysk

Leare & ûnderwiis
24 maaie 2019
Oan de hân fan in spannende wedstriid tusken learlingen fan CSG Liudger Burgum en Dockinga College Dokkum is juster de nije taalgame Twastriid lansearre. De game, dy’t ûnderdiel is fan de digitale metoade Searje 36 foar it fuortset ûnderwiis, sit grôtfol oefeningen op it mêd fan de Fryske stavering. Learlingen dy’t de game spylje mei harren klasse, wurde automatysk yndield yn twa groepen. De namme Twastriid referearret dêroan.

Yn de oanrin nei de lansearring ta hawwe in tal skoallen it spultsje útprobearre. De reaksjes binne posityf. Benammen it gearwurkjen fan de learlingen en it adaptive karakter fan de ynhâld wurde troch de learkrêften sjoen as pluspunten. Wylst de learlingen op in leuke manier dwaande binne mei de taal, kin de dosint folgje hoe’t de yndividuele learlingen it dogge.

Foar de lansearring wie de game omtovere ta in spulshow dêr’t de learlingen yn gearwurkje moasten om taalfragen te beäntwurdzjen. De Afûkwinkel foarme it dekôr en de presintaasje wie yn de entûsjaste hannen fan Folkert Wesseling. De winners komme fan CSG Liudger út Burgum. Sy hawwe in útstapke mei de hiele klasse wûn.

Wolst de kwis ek as spulshow spylje yn dyn klasse? Dat kin! Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei Stephan Berger fan de Afûk: s.berger@afuk.nl.