Undersyk nei twataligens Fryske bern nominearre foar Klokhuis Wetenschapsprijs
De Klokhuis Wetenschapsprijs is foar wittenskiplik ûndersyk dat relevant en nijsgjirrich is foar bern op de basisskoalle tusken de 9 en de 12 jier. It doel fan de priis is om in jong publyk yn ‘e kunde komme te litten mei wittenskiplik ûndersyk. Foar de winner wurdt der spesjaal in ôflevering fan Het Klokhuis makke oer it ûnderwerp.
Fryske en Nederlânske wurden
Dr. Evelyn Bosma hat mei Naomi Nota foar Universiteit Leiden ûndersyk dien nei twataligens. Mei in spesjale eye-tracker is ûndersocht nei hoe’t bern tusken de 9 en de 12 jier lêze. It die bliken dat yn it Frysk wurden dy’t itselde binne as yn it Nederlânsk (bygelyks ‘poes’) sneller lêzen as wurden dy’t folslein oars binne (bygelyks ‘oma’ en ‘beppe’). Yn it Nederlânsk wie dat net sa. Fryske bern brûke dus harren kennis fan de Nederlânske taal as sy Frysk lêze.