Album Y

Unike gearwurking WIEBE en de Afûk: nije album ‘Y’ dizze wike presintearre

Boeken fan Fryslan Frije tiid
16 septimber 2019
In doaske mei oantinkens, yn de foarm fan ferskes. Sa soest it nije album fan de band WIEBE omskriuwe kinne. Op 21 septimber presintearret WIEBE, mei frontman Wiebe Kaspers, yn gearwurking mei de Afûk har nije album ‘Y’. In album mei mear as allinnich muzyk. Sa sit der ek in oantekeningenboekje by oer it skriuwproses, de Fryske blêdmuzyk en wat yntime eleminten dy’t de nijste cd fan WIEBE ta in bysûnder gehiel meitsje. It is foar de Afûk de earste kear dat it in produkt yn dizze foarm útjout.

It begûn allegear twa jier lyn doe’t sjonger Wiebe Kaspers te krijen krige mei leafdesfertriet. Syn relaasje gie nei in lang skoft ynienen út. “As artyst, mar benammen as persoan woe ik wat mei dat fertriet. Om foarút te kommen en te ferwurkjen mei muzyk. Dat proses is no fertaald yn dit album en dêr binne wy hartstikke grutsk op”, sa seit Kaspers.

Foar de Afûk is it ek hiel wat nijs lit útjouwer Ernst Bruinsma witte: “De útjouwerij fan de Afûk is in fêste wearde yn it literêre lânskip fan Fryslân. Mar sa no en dan besykje wy te eksperimintearjen mei nije foarmen. Dizze cd mei tekstboek fan Wiebe Kaspers en syn band, yn in skitterjende foarmjouwing fan Peter Boersma is sa’n eksperimint. In ynspiraasje foar minsken dy’t graach Frysk lêze.”

Op it album spilet it Frysk Jeugd Orkest mei. Ek spilet op sawol it album as by de albumpresintaasje it strykkwartet Regina Forte mei.

Op sneon 21 septimber wurdt yn Poppodium Het Bolwerk te Snits it nije album presintearre. Kaarten binne te krijen fia www.hetbolwerk.nl/wiebe. Dan is ek it nije album te krijen by de Afûk, muzykwinkels en online. Fierder makket WIEBE op sneon 26 oktober in promoasjetoernee lâns ferskate boekhannels yn Fryslân. Neist in sinjearsessy spylje sy nûmers fan harren nije album ‘Y’.