Nij ferskynd: unyk fotogedichtenboek oer it Noarderleech
Oer de fotograaf
Evert Wilstra (Beetstersweach, 1951) is fotograaf en âld-fierljepkampioen. Evert Wilstra lit mei syn foto’s in ympresje fan it lânskip sjen, mar ek de ferbining tusken it lânskip, de natuer en de keunst. Earder ferskynde wurk fan Wilstra yn Auke Rauwerda – afscheid van de binnenstad.
Oer de dichter
Jochum Rijpma (Bears, 1948) is eko-campingboer op de Swetteblom, taalleafhawwer en eartiids tsjoender fan tongestreakjende suvel. Unrjocht, himsels of in oar oandien, kin hy min oer. De pinne helpt him om dat wer rjocht te breidzjen. Tagelyk hat er nocht om ûnnocht om sa de fleur der yn te hâlden.
Presintaasje
De feestlike oanbieding fynt plak op tongersdei 22 septimber fan 13.00 – 14.00 oere op it stedhûs fan Dokkum. Boargemaster Johannes Kramer sil dan it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme.
Boekgegevens
Noarderleech, unyk poëtysk lânskip / uniek poëtisch landschap
Fotograaf: Evert Wilstra
Dichter: Jochum Rijpma
Oersetting: Syds Wiersma
Utfiering: paperback
ISBN: 978 949 315 9877
Tal siden: 96
Ferkeappriis: € 17,50
websjop.afuk.frl