Us boekwinkel giet wer iepen!

Boeken fan Fryslan Frije tiid
23 april 2021
Fan woansdei 28 april ôf kinne klanten wer sûnder yn 't foar in ôfspraak te meitsjen te plak yn ús boekwinkel. De doar is op dy dei 'âlderwetsk' fan 9.30 oere ôf iepen. 'Wat ha wy dêr in sin oan', glundert haad fan de winkel Elisabeth Abels-Gorter [...]

By de Afûk dogge wy op 28 april moarns de doar sels iepen mar tagelyk sille op inisjatyf fan it CPNB skriuwers út it hiele lân symboalysk de doarren fan harren favorite boekhannel iepenje. Nynke de Jong docht bygelyks dy woansdeitemoarn by Van der Velde Boeken yn Ljouwert de doar wer los. Mei dizze nije #steunjeboekhandel-aksje wol it CPNB safolle mooglik Nederlanners wize op it belang fan de boekhannel en it lêzen fan boeken. Witte hokker oare skriuwers harren favorite boekhannel wer los dogge? Sjoch op hebban.nl/steunjeboekhandel

Nije datum Boekenweek
It CPNB (stichting Collectieve Propaganda van het Nederlandse Boek) organisearret ek de Boekenweek. Dy sil dit jier wêze fan 29 maaie oant en mei 6 juny. De Boekenweek koe yn maart dit jier net trochgean troch de maatregels tsjin de fersprieding fan it koroanafirus. Sjoch ek www.cpnb.nl.