Foto: argyf Afûk

Us boekwinkel is wer iepen!

Boeken fan Fryslan Frije tiid
14 jannewaris 2022
Goed nijs foar ûnder oaren de boekwinkels yn de koroana-parsekonferinsje fan freed 14 jannewaris! Fan sneon 15 jannewaris ôf ferwolkomje wy dy graach wer yn ús winkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert!

Us winkel oan de Bûterhoeke 4 yn Ljouwert is iepen op moandei fan 13.00 oant 17.00 oere, fan tiisdei oant en mei freed fan 9.30 oant 17.00 oere en op sneon fan 10.30 oant 17.00 oere. Yn ús winkel draachst fansels in mûlekapke en hâldst oardel meter ôfstân.

Winkelje yn ús websjop
Us websjop is 24 oeren deis iepen. Bestellings wurde mei de post ferstjoerd of kinne ophelle wurde yn ús winkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert. Dyn foarkar (opstjoere of ophelje) kinst oanjaan by it ôfrekkenjen. Wolst dyn bestelling by ús ophelje, dan litte wy dy witte wannear’t dyn bestelling foar dy klear stiet.

Fragen of mear ynformaasje?
Foar fragen of mear ynformaasje kinst kontakt mei ús opnimme. Telefoanysk binne wy berikber fan moandeis oant en mei freeds fan 9.00 oere oant 17.00 oere op it nûmer 058-2343070. In mail stjoere kin fansels ek. Stjoer dyn berjocht oan ynfo@afuk.frl en wy komme der sa gau as mooglik by dy op werom.