Utstalling ‘Frysk libben erfgoed, fan Wâldbean oant Wetterhoun’ yn Obe

Frije tiid
20 july 2020
Fryske lânbougewaaksen, fruitsoarten en bisten stean sintraal yn de nije tentoanstelling ‘Frysk libben erfgoed, fan Wâldbean oant Wetterhoun’. Fan 14 augustus ôf o/m 18 oktober 2020 te sjen yn Obe. Krekt yn dizze tiid, dat der hieltyd mear omtinken is foar lokaal ferboud en produsearre iten, past de tentoanstelling goed. It hat noch noait sa drok op de folkstún west, it wyldplukken is yn opkomst. De belangstelling foar wêr’t ús iten weikomt wurdt hieltyd grutter. Yn dizze byldzjende tentoanstelling wurdt it ferhaal fan Frysk libben erfgoed op kreative, fleurige en ynspirearjende wize ferteld.

In wrâld giet foar dy iepen: fan appels oant parren, fan rabarber oant prommen, fan beannen oant earten en wat te tinken fan allerhanne soarten ierpels, neist Bintsje ek Burmania, Carina en Kike. En dan noch alles dat op de fjilden groeit en bloeit lykas koalsied, hop, himp, flaaks, weet, hjouwer en rogge. Dizze rykdom en mear is te sjen yn de útstalling. In tal fan dizze soarten binne suver wat yn it ferjit rekke, mar útspile binne se net. It ûnderwerp is aktueel mei de komst fan mienskiplike buert- en doarpstunen, biologyske grientetassen op bestelling, ruilhannel en lessen yn biologysk itensieden.

Yn de  útstalling ‘Frysk libben erfgoed, fan Wâldbean oant Wetterhoun’ rinst rûn yn in oaze fan Fryske fruitbeammen en fazen mei siedsjes en foto’s  fan allerhanne soarten gewaaksen. Inkeld de nammen fan de soarten binne al poëtysk en sizze soms wat oer de komôf of de kleur. Sa is der in in Berltsumer gieltsje en in Menamer rûne wite readkop. Prachtige literêre sitaten, sprekwurden, gedichten, in filmdokumintêre en skilderijen fan bisterassen as de Wetterhoun en de Fryske Stabij sprekke ta dyn ferbylding en litte dy op in oare wize yn de kunde komme mei seldsum Frysk libben erfguod. En foar wa’t sels oan de slach wol mei Fryske gewaaksen is der sie te keap of te ruiljen yn de siebiblioteek.

De útstalling is fergees te sjen op de iepeningstiden fan Obe, it poadium foar literatuer, keunst en taal op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Reservearje is net nedich. Sjoch foar mear ynformaasje op www.tresoar.frl en op de social media siden fan Tresoar.

‘Frysk libben erfgoed, fan Wâldbean oant Wetterhoun’ in ynisjatyf fan Platform Friese rassen en gewassen en yn gearwurking mei Tresoar. It ûntwerp fan de útstalling is yn hannen fan túnarsjitekt Nico Kloppenborg en ûntwerpburo BWH.