Foto: Uitgesteld Geluk, Leeuwarden City of Literature

Utsteld gelok lûkt al 1.000 besikers

Boeken fan Fryslan Frije tiid
13 juny 2022
Snein 12 juny koe Ljouwert UNESCO City of Literature de 1.000e besiker wolkom hjitte by harren Arcadia-projekt Utsteld gelok. Yn Burdaard harken 35 minsken nei it ferhaal fan Jetske Bilker dat aktrise Tet Rozendal dêr foarlies. It wie de 37e dei fan de hûndert dagen wêrop't foarlêzen wurdt.

Alle dagen fan Arcadia wurdt yn in oare idyllyske tún yn Fryslân in nij koart ferhaal foarlêzen. Gemiddeld lûkt dit 27 besikers. De ferhalen binne spesjaal skreaun foar it literêre projekt, troch skriuwers út binnen- en bûtenlân. Besikers kinne spontaan en fergees komme, se hoege allinnich in túnstoel mei te nimmen. Ernst Bruinsma, direkteur fan Leeuwarden UNESCO City of Literature: “Ik stean der echt fan te sjen dat we safolle en sokke oandachtige besikers lûke. Wy ûntdekke ek sels sokke moaie plakken yn ús provinsje troch dit projekt. Guon gearkomsten binne hiel yntym, op oare mominten lûke wy oant tachtich harkers. Minsken fine it noflik foarlêzen te wurden en der fine moaie diskusjes oer de ferhalen plak. Al in pear kear yn oanwêzigens fan de skriuwer. It oertreft ús dryste ferwachtings.”

Noch oant en mei 14 augustus 
Utsteld gelok is noch net op de helte. Noch oant en mei snein 14 augustus wurde alle dagen ferhalen foarlêzen. Troch de wike om 19.30 oere en yn it wykein om 15.30 oere. De ferhalen wurde nei lêzing yn trije talen publisearre op uitgesteldgeluk.nl. Dêr is it ferhaal ek te beharkjen. Op de webside stiet in spyllist en in kaart mei alle lokaasjes.