Win in skoalbesite fan de berneboekeskriuwers fan Kening & Kening foar dyn klasse!

Berneboeke-ambassadeur Leare & ûnderwiis
8 oktober 2020
Yn 2020 is it 20 jier lyn dat de earste printinge fan it printeboek Koning & Koning útkaam. It wie ek it earste printeboek fan Stern Nijland & Linda de Haan. Tagelyk mei de Nederlânske edysje ferskynde it mearke oer de twa keningen ek yn it Frysk, Dútsk en Deensk. De keningen út it printeboek libje noch altyd lang & lokkich en fiere sadwaande dit jier harren porsleinen brulloft.  Dat wolle de makkers net samar foarby gean litte. Fandêr dat se spesjale oandacht oan it printeboek besteegje yn harren eigen provinsje. Dat dogge se ék omdat Ljouwert yn 2020-2021 de Rôze haadstêd fan Nederlân is.

En der is noch mear wêrom ’t it in bysûnder jier is foar Kening & Kening: der is in nije oersetting útkommen yn it Italiaansk, dat is de 12e taal dêr’t it boek yn oersetten is. En der is in werprintinge fan de Fryske en de Nederlânske edysje, Kommissaris fan de Kening A. Brok naam op Falentynsdei in ferteltas yn ûntfangst mei dizze nije edysjes.

Yn 2020 en 2021 sille Stern & Linda foarlêze en oer it boek fertelle yn dBieb’s en op skoallen. Dizze skoalbesites kinne boekt wurde fia De Schrijverscentrale of fia it ‘kunstmenuplus’ fan Kunstkade. Mar, jim kinne ek in spesjale besite fan Stern & Linda winne!

Win in skoalbesite fan de berneboekeskriuwers fan Kening & Kening foar dyn klasse
Felisitear de keningen út it printeboek Kening & Kening / Koning & Koning mei harren porsleinen houlik. Meitsje dyn állermoaiste en leafste kaart en leverje dizze foar 1 novimber 2020 yn by Dbieb of by de Afûkwinkel yn Ljouwert. Opstjoere mei ek.

Ut alle ynstjoerders lûke wy in winner, dizze winner krijt in sinjearre boek én de makkers fan it printeboek, Stern Nijland & Linda de Haan, komme by de winner op skoalle en sille dêr foarlêze en in workshop jaan yn de klasse.

Foar 1 novimber 2020 ynleverje by – of opstjoere nei
Afûk, Bûterhoeke 1, 8911 DH  Ljouwert (Postbus 53, 8900 AB  Ljouwert) of;
Dbieb, Blokhûsplein 40, 8911 LJ Ljouwert

Oer it boek
Kening & Kening is in humoristysk mearke oer in prins dy’t trouwe moat fan syn mem omdat dy wolris mei pensjoen wol. Der komt in rige prinsessen foarby, mar de prins wurdt der net oars fan, oant der in wûndermoaie prins delkomt … Geskikt foar bern fan trije jier ôf.

Oer de makkers
Stern Nijland groeide op yn Gytsjerk en Linda de Haan yn Burgum.  Sy hawwe tegearre it boek skreaun en tegearre de yllustraasjes makke.
Mear ynformaasje fynst op www.koningenkoning.nl.