Foto: argyf Afûk

Klikke & oppikke en winkelje op ôfspraak by de Afûk

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
26 febrewaris 2021
Bisto op syk nei in boek, in (Frysk) kadootsje of wat oars en kinst it yn de websjop net fine of wolst graach persoanlik advys? Fan woansdei 3 maart o.s. ôf ferwolkomje wy dy graach, hielendal koroana-proof, wer yn ús moaie Boek- en Kadowinkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert! Meitsje gau in ôfspraak!

In ôfspraak meitsje dochst hiel maklik troch in mail te stjoeren oan afukwinkel@afuk.frl of te beljen mei 058-2343070. Wy helpe en advisearje dy graach en fansels pakke wy kadootsjes moai foar dy yn. Winkelje op ôfspraak kin by ús fan moandei oant en mei freed tusken 9.00 en 17.00 oere.

NB op Goed freed – 2 april – binne wy fan 9.00-17.00 oere iepen foar winkeljen op ôfspraak en it opheljen fan bestellings. Peaskemoandei – 5 april – is de winkel ticht. Websjopbestellings wurde dan tiisdei 6 april ferstjoerd. Fansels binne we dan ek wer beskikber foar winkeljen op ôfspraak en it ôfheljen fan bestellings.

Oandachtspunten foar winkeljen op ôfspraak
0 Meitsje in ôfspraak (mail of telefoan) en wachtsje op ús befestiging mei datum en tiid wêrop asto wolkom bist
0 Kom allinne nei de winkel en draach in mûlekapke
0 Hasto klachten, kom dan net en belje ôf
0 De ôfspraak is foar minimaal 10 minuten
0 Betelje sa folle mooglik kontaktleas

Klikke & oppikke
In bestelling dwaan yn ús websjop kin fansels altyd. By dyn bestelling kinst kieze om it pakketsje by dy thús besoargje te litten óf datst it by ús ophellest.

Oant sjen!